Grytsje Kingma
Fryske  muzyk rjocht út it hert

Foar optredens mei in persoanlike noat 

Foar boekingen fan optredens, bestellingen fan cd's en oare fragen of reaksjes, stjoer in mail nei: info@grytsjekingma.nl.


Voor boekingen van optredens, bestellingen van cd's en andere vragen of reacties, stuur een mailtje naar info@grytsjekingma.nl. 


 Sjongeres Grytsje Kingma út Sint Jânsgea skriuwt en sjongt har eigen Fryske lieten en treedt dermei op yn Fryslân en somtiden dêrbûten. Se begeliedt har sang meastentiids op gitaar ôfwiksele mei begeliedingsbannen (mei ûnder oare piano, gitaar, fioele en fluiten). Inkeld brûkt se ris lietteksten fan oaren, of besteande meldijen. Nostalgysk, gefoelich en bytiden mei in knypeach. In optreden fan Grytsje Kingma is altyd unyk! 
Se hat nau gearwurke mei dichter/oersetter Atze Bosch. Der stean trije cd’s op har namme, “Wjerlûd”,  “Wytfear” en “Sjong in nij liet” en in liettekstenbondel, “Tûzen dagen”. Fierder hat se meiwurke oan ferskate oare muzykprojekten, lykas cd-opnames en oersettingen fan lieten foar Fryske bondels. Ek is se aktyf as koarliedster fan it koar Zingen voor je leven op It Hearrenfean en jout se treningen/workshops mei 'Stemexpressie'.

De Fryske taal leit har nei oan it hert en de rykdom fan it Frysk bringt se yn har teksten en suvere sang ta utering. Fryske muzyk, dy't it hert rekket!

 



Nederlandse tekst:  

Zangeres Grytsje Kingma uit Sintjohannesga schrijft en zingt haar eigen Friese liedjes en treedt daarmee op in Friesland en soms daarbuiten. Haar zang begeleidt ze meestal op gitaar, afgewisseld met begeleidingsbanden (met onder andere piano, gitaar, viool, fluiten). Een optreden van Grytsje Kingma is altijd uniek!

Ze heeft nauw samengewerkt met dichter/vertaler Atze Bosch. Er staan drie cd’s op haar naam, ”Wjerlûd”, “Wytfear”en "Sjong in nij liet" en een liedtekstenbundel, “Tûzen dagen”. Verder heeft ze meegewerkt aan diverse andere muziekprojecten, zoals cd-opnames en vertalingen van liederen voor Friese bundels. Ook is ze actief als koorleidster bij het koor Zingen voor je leven in Heerenveen en geeft ze trainingen/workshops rondom stemexpressie. De website van het koor:  https://www.zingenvoorjelevenheerenveen.blogspot.com  Ze heeft ook meegewerkt aan de tekstcorrecties van de cd 'Reizger yn Fryslân' (Boudewijn de Groot yn it Frysk)

De Friese taal ligt haar na aan het hart en de rijkdom van It Frysk brengt ze in haar teksten en zuivere zang tot uiting. 

Friese folk die het hart raakt! 


 

 


 

 De klip: Ea sjoch 'k jim wer

 

Klip fan it titelliet fan de cd 'Sjong in nij liet':




By Omrop Fryslân op 13 septimber 2019:



Fan de cd Wytfear, it liet 'Doarp fan doe':

 

 

 


 


 

Grytsje sjongt al har hiele libben, mar is foaral de lêste trettjin jier as solosjongeres op 'en paad. Ut en troch ek mei oare musisi, lykas Wil van Eekeren, dy't ek meiwurke hat oan har trije cd's. Rob Faltin spilet sa no en dan mei op de fioele. Ek is der inkeld ris in optreden tegearre mei de Stellingwarver verhaelenverteller Johan Veenstra. Sûnt maaie 2023 wurket se mei oan de taalrubryk yn it programma 'Gewoan Frysk' fan Radio Spannenburg, ek fia de website fan dizze omrop te belústerjen.


Aginda   2023:

8 july: It Hearrenfean, Tjongerschans, sjonge mei koar 'Zingen voor je leven Heerenveen'

9 july: Hjerbeam, 9.30 oere, Frysk Oekumenysk Wurkferbân, Fryske tsjinst mei ds. L. Westra

14 july: Nijeholtpea, MFC De Nije Stienze, 20.00 oere, sjonge by boekpresintaasje fan Johan Veenstra

15 july: Tsjom, Martenahiem, 14.30 oere, Fryske middei

9 septimber: It Hearrenfean en/of De Jouwer: Uitfestival 

16 septimber: Swol, Jubileumoptreden by Frysk Boun om Utens, tegearre mei Rob Faltin

18 novimber: Tsjom, Martenahiem, 14.30 oere, Fryske middei

2024:

8 jannewaris: It Hearrenfean, De Rinkelbom, 10.00 oere, 'Verhalen uit de samenleving'

24 jannewaris: Oerterp, MFC De Wier, PCOB, Fryske middei om 14.00 oere 

26 jannewaris: De Jouwer, 't Haske, 't NUT: Fryske jûn


 





Hjirûnder ien fan de lietteksten fan Grytsje:

Myn winsk

It is mar lyts wat ik begear,
ik sykje ’t net yn grutte dingen, 
’k hoech net te parasjutespringen, 
of nei de Noardpoal foar in kear.

It is mar lyts, dy winsk fan my,  
ik jou gjin sprút om fiere reizen, 
fakânsjehuzen as paleizen,
’k hoech ek gjin mânske boat der by.  

It is mar lyts wat ik graach wol,
ik hoech gjin erker of in serre,
of by de film in karrière,
of by’t toaniel in grutte rol.

It is mar lyts, grut hoecht it net,
’k hoech my net keninklik te fielen,
en diamanten of juwielen, 
ha wier gjin plakje yn myn hert.

Der stiet ien winsk mar op myn list, 
lit al it oare dan mar lizze,
ik wol mar ien ding tsjin dy sizze...

...datsto gewoan mar by my bist. 

© Grytsje Kingma