Grytsje
Foto’s fan de cd-presintaasje yn Ljouwert (Tresoar) binne hjir te sjen.
In ferslach fan de cd-presintaasje yn Tresoar is hjir te lêzen.
Foto’s fan de cd-presintaasje op It Hearrenfean (Goede Hoedertsjerke) binne hjir te sjen.
.
De passys fan Grytsje Kingma binne muzyk, sjongen, de Fryske taal en lietsjes skriuwe. Op dizze side fine jo ynformaasje oer har muzikale aktiviteiten.
Grytsje Kingma sjongt en spilet gitaar al sûnt har fjirtjinde, mar pas sûnt 2008 hat se har hielendal op ‘e muzyk ta lein. Nei in kursus liettekstskriuwen waard it har dúdlik dat it meitsjen fan har eigen lieten har tige leit. Yn de rin fan 2009 hat se in solo-lietsjesprogramma gearstald fan eigen (Fryske) teksten en muzyk. Yn 2010 is har earste cd útkommen: Wjerlûd.
Se wurdt hieltyd faker frege foar optredens by ferienings, famyljes, kulturele ynstellings of soarchsintra. As der spesjale winsken binne foar in bepaalde tekst of in bysûnder ûnderwerp, dan kin dêr rekken mei hâlden wurde.
Op de side “Youtube” (ûnder: Media) kinne jo guon fan har lietsjes beharkje. By Youtube sels fine jo noch mear lieten, as jo sykje op de namme “Grytsje Kingma”.
Earder hat se de lieding hân by ferskate koaren en hat in protte projektmjittich songen, gitaarles jûn, sjonglessen folge, songen yn muzyktrio de Skarnoaten, Fryske Sjongmiddeis organisearre. Al dizze dingen wiene part fan har paadsykjen yn ‘e muzyk: wat past no it bêste by my? Yntusken hat se it antwurd op dy fraach fûn: it sjongen en meitsjen fan eigen lietsjes – yn it Frysk.
Yn har soloprogramma sjongt se eigen lieten, al dan net oanfolle mei bekende Fryske lieten. Hjirby begeliedt se harsels op ‘e gitaar. It binne meastentiids harklietsjes oer ûnderwerpen dy’t tichteby lizze, mei sa no en dan in bytsje selsspot of in gefoelige snaar. Se hat meisjongboekjes by har as it winsklik is om mei elkoar te sjongen, dizze lieten komme foar it grutste part út “Fryslân Sjongt”.
Se sjongt ek wolris by in tsjerketsjinst, dat kin in Fryske tsjinst wêze, mar dat hoecht net (al binne de teksten fan Grytsje wol altyd yn it Frysk). Ek dêr is rom genôch repertoire foar, besteande en nije lieten, eigen teksten en oersettings.






Reaksjes