Grytsje Kingma
Fryske  muzyk rjocht út it hert

Foar optredens mei in persoanlike noat 

Foar boekingen fan optredens, bestellingen fan cd's en oare fragen of reaksjes, stjoer in mail nei: info@grytsjekingma.nl.


Voor boekingen van optredens, bestellingen van cd's en andere vragen of reacties, stuur een mailtje naar info@grytsjekingma.nl. 


 Sjongeres Grytsje Kingma út Sint Jânsgea skriuwt en sjongt har eigen Fryske lieten en treedt dermei op yn Fryslân en somtiden dêrbûten. Se begeliedt har sang meastentiids op gitaar ôfwiksele mei begeliedingsbannen (mei ûnder oare piano, gitaar, fioele en fluiten). Inkeld brûkt se ris lietteksten fan oaren, of besteande meldijen. Nostalgysk, gefoelich en bytiden mei in knypeach. In optreden fan Grytsje Kingma is altyd unyk! 
Se hat nau gearwurke mei dichter/oersetter Atze Bosch. Der stean trije cd’s op har namme, “Wjerlûd”,  “Wytfear” en “Sjong in nij liet” en in liettekstenbondel, “Tûzen dagen”. Fierder hat se meiwurke oan ferskate oare muzykprojekten, lykas cd-opnames en oersettingen fan lieten foar Fryske bondels. De Fryske taal leit har nei oan it hert en de rykdom fan it Frysk bringt se yn har teksten en suvere sang ta utering. Fryske muzyk, dy't it hert rekket!

 



Nederlandse tekst:  

Zangeres Grytsje Kingma uit Sintjohannesga schrijft en zingt haar eigen Friese liedjes en treedt daarmee op in Friesland en soms daarbuiten. Haar zang begeleidt ze meestal op gitaar, afgewisseld met begeleidingsbanden (met onder andere piano, gitaar, viool, fluiten). Een optreden van Grytsje Kingma is altijd uniek!

Ze heeft nauw samengewerkt met dichter/vertaler Atze Bosch. Er staan drie cd’s op haar naam, ”Wjerlûd”, “Wytfear”en "Sjong in nij liet" en een liedtekstenbundel, “Tûzen dagen”. Verder heeft ze meegewerkt aan diverse andere muziekprojecten, zoals cd-opnames en vertalingen van liederen voor Friese bundels. 

De Friese taal ligt haar na aan het hart en de rijkdom van It Frysk brengt ze in haar teksten en zuivere zang tot uiting. 

Friese folk die het hart raakt. 

  

 

Op 13 septimber 2019 by Omrop Fryslân:

 

Klip fan it titelliet fan cd 'Sjong in nij liet': 





'Ofskie fan 'e dei' fan cd 'Wytfear': 


'Doarp fan doe' fan cd 'Wytfear': 


 


 

Grytsje sjongt al har hiele libben, mar is foaral de lêste tsien jier as solosjongeres op 'en paad. Ut en troch ek mei oare musisi, lykas Wil van Eekeren, dy't ek meiwurke hat oan har trije cd's. Rob Faltin spilet sa no en dan mei op de fioele. Op snein 17 novimber wie der in prachtige middei yn Koartehimmen mei lieten fan Grytsje, ôfwiksele mei ferhalen fan Johan Veenstra. 


Hjirûnder de tekst fan it nijste liet fan Grytsje: 

Myn winsk

It is mar lyts wat ik begear,
ik sykje ’t net yn grutte dingen, 
’k hoech net te parasjutespringen, 
of nei de Noardpoal foar in kear.

It is mar lyts, dy winsk fan my,  
ik jou gjin sprút om fiere reizen, 
fakânsjehuzen as paleizen,
’k hoech ek gjin mânske boat der by.  

It is mar lyts wat ik graach wol,
ik hoech gjin erker of in serre,
of by de film in karrière,
of by’t toaniel in grutte rol.

It is mar lyts, grut hoecht it net,
’k hoech my net keninklik te fielen,
en diamanten of juwielen, 
ha wier gjin plakje yn myn hert.

Der stiet ien winsk mar op myn list, 
lit al it oare dan mar lizze,
ik wol mar ien ding tsjin dy sizze...

...datsto gewoan mar by my bist. 

© Grytsje Kingma