Guon teksten

In liet dat net bestiet

Faak tink ik oan in prachtich liet
in liet dat no noch net bestiet.
Ik skriuw it sels, it is fan my
en de muzyk past der moai by.
De wurden reitsje it gefoel
en sizze krekt wat ik bedoel.
It komt sa hiel djip út myn hert –
In moaier liet bestiet der net.

De wurden sykje ik al in skoft
Se rûzje earne yn ’e loft.
Se fleane fuort, ’k kin der net by
it is te fier, te heech foar my.
As flinters dy ’k net fange kin
omdat ik der te lyts foar bin.
As fûgels yn in hege beam,
as it ûntweitsjen nei in dream.

Ik sykje nei de goeie toan,
mar ik bin der wat mei oan.
Want alle wurden binn’ al sein,
yn mear as tûzen lieten lein.
Ik jou dat stimke mar gelyk:
dat seit: “Lit sitte dat gesyk,
wat wolst no noch betinke dan,
allinne wurch wurdst der mar fan”.

Dus dream ik fierder oer dat liet
it liet dat no noch net bestiet
mar wat der ienris komme kin.
Soms woe ’k wol yn ’e takomst sjen.
Miskien fyn ’k oait de wurden noch
dy ’k yn myn tinzen foar my sjoch.
Dat liet sa suver en sa nij -
’t bliuwt earst noch mar wat dreamerij….

Pikerpaadsjes

As ik noflik lis te sliepen
nei in lange drokke dei,
geane my de eagen iepen
en myn dreamen binne wei.
Stadich kom ik út ’e slomme
ek al jou ik my wer del,
mar de sliep wol net mear komme
hoe’t ik ek myn skiepkes tel.

’k Sjoch dan mar ris op de wekker,
wer in oere krûpt foarby.
O, dit moat sa dochs net gekker,
wat in spul is dit mei my.
’k Gean der ôf, bliuw net mear lizzen,
’k nim in bakje waarme tee.
Undertusken gean myn tinzen
hieltyd wer fan A nei B.

As ik dan wat sliepp’rich reitsje
krûp ik wer yn ’t ledikant.
’k wol my deljaan, mar ik meitsje
fan in mich in oaljefant.
’t Liket wol oft yn it tsjuster
alles hieltyd slimmer wurdt.
’k Tink oan moarn en ek oan juster,
lytse dingen lykje grut.

Liket it as bin ’k allinnich,
’t rekket wier net inkeld my.
’n Protte minsken binne sinnich
as it giet om slieperij.
Kinne jim ek net genietsje
fan it sliepen en de rêst?
Tink dan mar ris oan dit lietsje
ast in kear net sliepe kinst.

Refr.:
Pikerpaadsjes yn dyn tinzen,
rinst se hieltyd wer opnij.
Op dy paadsjes bliuwsto finzen,
wie de nacht mar wer foarby.
(lêste kear: lit dyn tinzen dochs mar frij!)
Kieze

Kieze, kieze, wat is no it bêst?
Kieze, kieze, ik wol beide dingen leafst.
Kieze, kieze, ik wol dit en ik wol dat,
Kieze, kieze, o ik wit net wat ik moat.

Sil ik aanst de auto waskje
of noch gau de ruten dwaan?
Of… in skoftke rêst ynlaskje
en mysels de romte jaan
om in moaie tekst te skriuwen
en te pielen mei in liet?
Lit it wurk it wurk mar bliuwe,
wurk mei wurden jout geniet!
Ho, dat kin net! Der binn’ plichten,
’t wurk yn hûs dat moat wol klear!
Mar it skriuwen kin ’k net litte,
as it koe, die ik noch mear.
Mei myn skriuwblok noflik sitte,
samar ha ’k in blêdsje fol.
Fan dy twastriid wol ’k net witte,
allebeide kin dochs wol?

Kieze, kieze, wat is no it bêst?
Kieze, kieze, ik wol beide dingen leafst.
Kieze, kieze, ik wol dit en ik wol dat,
Kieze, kieze, mar no wit ik leau ’k al wat.

’k Fyn, wylst ik gerdinen wierje,
foar in liet in sterk begjin.
By it dweilen fan de flierren
komt my in moai wurd yn ’t sin.
Under ’t triedzjen fan de beantsjes,
by it sieden fan it sop
pak ik tuskentroch in pinne,
en ik skriuw fan alles op.
Smoarge putsjes kin ’k om laitsje,
’k doch se mei in fleurich sin.
Want sa kin ik lietsjes meitsje
wylst ik oan it skrobjen bin.
Nije wyskes fiel ik wâljen
as ik de boesgroentsjes stryk,
lokkich kinne wy – as froulju! –
mear as ien ding tagelyk!

Kieze, kieze, wat is no it bêst?
Kieze, kieze, ik wol beide dingen leafst.
Kieze, kieze, ja ik doch fan beiden wat,
ik kies foar beide, want wy froulju kinne dat!
Wie it net juster?

Wie it net juster?
Datst by ús kaamste op ’e wrâld,
myn famke dêr’t ik sa fan hâld.
Datst feilich yn myn earmen leist’
en datst dyn earste wurdsjes seist’…

Wie it net juster?
Dat ik dy altyd by my hie,
dat eltse dei in wûnder wie,
Datsto sa opgroeidest hjir thús
en datst dyn plakje hiest by ús….

Wie it mar juster…
It is noch mar sa koart foarby,
dyn bernetiid dy’k foar my krij.
Mar lyts bisto allang net mear,
dy los te litten dat docht sear,
Wie it mar juster….

Famke fan my, wat bist al grut,
de jierren gean’ my fierste hurd.
Do wolst op eigen fuotten stean,
as mem tink ik: hoe soe dit gean?
Ik swaai dy wat weemoedich út,
dêr giesto dan, noch gau in tút.
In grouwe tas oer ’t skouder en
gau nei de bus, no doech, oant sjen!
Sa gie it juster….

In nije tiid brekt oan foar dy
mar dat jildt like goed foar my.
Foar beide is ’t in nij begjin,
in nij stik fan ús libbensrin.
In hiel oar libben komt der oan,
net dat fan juster, mar fan moarn!
In nije tiid is ’t ek foar my,
en juster…is foargoed foarby.

 

Wêrst ek bist 

 

Wêrst ek bist, wêrst ek giest,
withoefier, asto mar witst,
datsto by my bist,
datsto yn myn wêzen sitst.

 

Elke dei rinsto mei,
want do bist mei my op wei,
altyd giesto mei,
yn myn hert bist noait by my wei.

 

Ek al fiel ik my soms skjin ynein,
do giest mei it hiele ein…

 

Wêr’t ik rin, wêr’t ik gean,
ek as ’k hast net fierder kin,
oeral wêr’t ik bin,
silsto altyd neist my stean.

 

3 Comments Jo reaksje hjir ↓

De meast resinte reaksje stiet boppe oan

  1. betsy miedema #
    1

    ik sykje de fryske tekst fan muss i denn

    • Grytsje07 #
      2

      Hy komt der aanst by te stean.

      • Grytsje07 #
        3

        En hy is nei jo tastjoerd fia de mail.



Jo reaksje