Teksten

.
Grytsje hat yn ‘e rin fan 2009 sa’n 50 teksten makke; foar it grutste part lietteksten om sels te sjongen, in pear binne songen troch oaren en in pear gedichten binne brûkt foar Fersefariaasje (foardrachtwedstriid foar bern yn it fuortset ûnderwiis).  Ek is der wolris in gedicht pleatst yn de Lyrische Courant fan de Ljouwerter krante.  Earste oanset wie in kursus liettekstskriuwen by Tresoar. Nei dy kursus kaam se yn ‘e kunde mei oersetter/dichter Atze Bosch, dy’t har fierder op wei holpen hat. Se hawwe goed twa jier lang tige nau gearwurke op it mêd fan skriuwen, dichtsjen en oersetten. Atze Bosch is yn desimber 2011 ferstoarn.
De stream fan teksten foar lieten en gedichten is nei 2009 wat minder hurd gien, der komt sa út en troch nochris in tekst by. Soms op fersyk of as gelegenheidsliet by in optreden. Underwerpen komme rûnom wei, earst by de kursus wiene it wolris opdrachten, letter waarden it mear situaasjes út it deistige libben, dy’t nije ideeën foar lietteksten opsmieten. Ek jouwe minsken by optredens faak wer nije ynspiraasje. Guon teksten binne mear as oefening makke, bgl. “Sonnettestriid”, om it skriuwen fan in sonnet ris te besykjen. Mar de measten binne skreaun foar it poadium.

Soms hat in nije tekst mei in optreden te meitsjen; sa is de Fryske tekst fan Halleluja skreaun, wat yn in útfiering tegearre mei muzykferiening Concordia fan Drachten songen is. Ek is sa de Eelkje-ballade ûntstien, doe’t de fraach by Tresoar (Fryslân lêst syn Toppers) weikaam om in liet oer in boek fan Anne Wadman te skriuwen. Beide lieten binne te besjen/beharkjen fia “Youtube” op dizze side. Se binne ek opnommen op de twadde cd Wytfear.

Der is in seleksje makke út alle lietteksten en gedichten en dy is novimber 2011 ferskynd yn de bondel “Tûzen dagen”. By de presintaasjekonserten fan de cd Wytfearis ek de bondel oanbean wurden.
De bondel is te keap by de optredens fan Grytsje, mar ek fia dizze webside. Stjoer it kontaktformulier yn mei jo gegevens (namme, adres, hoefolle bondels as jo bestelle wolle) en meitsje € 14,75 (it stik) oer op NL85 INGB 0003 1475 95 op namme fan G. Kingma, Sintjohannesga. De bestelling wurdt jo dan tastjoerd.   Yntusken hat de bondel syn fjirde printinge al belibbe, der blykt noch hieltyd fraach te wêzen!

 

Bondel Tûzen dagen

 

3 Comments Jo reaksje hjir ↓

De meast resinte reaksje stiet boppe oan

  1. Jannie van der Laan #
    1

    mijn oude vader van 91 zou graag de liedteksten hebben van ‘k Wil u o God mijn dank betalen en van Er ruist langs de wolken in het Fries.
    Ik ben al een poos aan het zoeken geweest, maar kan niets vinden.
    Kunt u mij daaraan helpen?

    • Grytsje07 #
      2

      Bêste Jannie, ik haw it sa gau net by de hân, mar ik sil der nei sykje. Der wurdt oan wurke!

    • Grytsje07 #
      3

      Sjoch mail!



Jo reaksje