Nijs

NIJS:

 

———————————————————————————————

Op 23 febrewaris 2017 wie Grytsje te gast yn it programma ‘Geloof en een hoop liefde’ op NPO2, om 17.50 oere. 170120-ghl2

Hjir is it programma nochris te besjen, Grytsje komt yn it lêste stikje oan bar (sawat de lêste 5 minuten).

————————————————————————————

 

Yn 2016 is der sa út en troch wurke oan de tredde cd. De plenning is, dat er yn de rin fan 2017 ferskine sil. Dizze cd is in oantins oan it oersetwurk fan Atze Bosch en befettet in kar fan  Frysktalige tsjerkelieten, út Wylde Goes (Iona), it Nije Lieteboek, Tuskentiden en nij oersette lieten.

 

————————————————————————————

Oktober 2015 – De nije programma-opset is klear!

Hjirûnder steane de 6 programma’s sa’t Grytsje dy oanbiede kin:

1.  Wytfear – Neffens Goethe hat in minske sawol woartels en wjukken yn it libben nedich om groeie te kinnen.  It lietsjesprogramma ‘Wytfear’ giet dêroer. Oer frijheid, oer fleane as in fûgel. Mar ek: weromgean nei de grûn dêrst berne bist, wat nimst dêrfan mei yn it fierdere libben? Dyn memmetaal, dyn opfieding, dyn oantinkens. In gehiel fan gefoelfolle selsskreaune lústerlietsjes, mei nostalgy en werkenning. Lieten fan benammen cd ‘Wytfear’, mar ek fan ‘Wjerlûd’ komme oan bar.

2.    De Alfa en de Bêta – njonken de eigen lietsjes fan Grytsje leit yn dit programma it aksint op lieten en teksten fan dichter/oersetter Atze Bosch (1927 – 2011). Atze Bosch wie yn syn wurksume libben technikus (bêta), mar hat him letter talein op skriuwen en dichtsjen (alfa). Fan 2009 oant 2011 hat Grytsje nau mei him gearwurke en har lieten út dy tiid binne dan ek yn oparbeidzjen mei Atze Bosch ûntstien. It liet ‘De útstrûper’ (fan cd ‘Wjerlûd) is sa’n foarbyld fan dizze gearwurking.

 3.    Sjong mar mei – in kombinaasje fan mei elkoar sjonge út meisjongboekjes (mei dêryn 30 lieten út Fryslân Sjongt) ôfwiksele mei eigen lietsjes fan Grytsje. In fleurige jûn of middei mei aktyf sjonge. Alde bekende Fryske lietsjes út de skoalbanken of fan it sjongen ûnder it ôfwaskjen. Mar ek inkelde nije lieten of kanons kinne oanleard wurde.  Ek de Noardske Balke, in folksmuzykynstrumint, komt oan bod, njonken de begelieding op gitaar.

4.    Tûzen dagen – njonken lietteksten dy’t op muzyk set binne, of dy’t skreaun binne op besteande muzyk, hat Grytsje ek gedichten makke dy’t foardroegen wurde kinne. Se binne sammele yn har bondel ‘Tûzen dagen’ en dizze bondel stiet sintraal yn dit programma. Dêr steane ek lietteksten yn, der wurdt dus wol songen, mar de klam leit op de gedichten. As der mooglikheid of ynteresse is, kin der ek mei it publyk oan it dichtsjen gien wurde.

5.    Op it tsjerkepaad – Grytsje hat ek in grut tal tsjerklike lieten yn har repertoire. Lykas de lieten fan Fedde Schurer (De Gitaar by it Boek), mar ek lieten út it Nije Lieteboek en eigen oersettingen en inkelde eigen lieten. Grytsje wurket gauris mei oan tsjerketsjinsten, mar dizze lieten kinne ek ûnderdiel wêze fan in op him sels steand lietsjesprogramma. Grytsje hat as oersetter en meilêzer meiwurke oan it Nije Lieteboek, fertelle oer dit wurk kin ek in ûnderwerp wêze fan in programma.

6.    Njonken dizze soloprogramma’s is der ek gearwurking mei pianist Lars Mulder.  Tegearre fersoargje sy temaprogramma’s op maat. Lars is dan net inkeld begelieder mar ek in firtuoaze solist, dy’t njonken eigen komposysjes ek klassyk en filmmuzyk hearre lit. Ek muzyk fan Bernard Smilde is yn dit repertoire opnommen. De ynbring fan de pianist jout it gehiel in unike muzikale útstrieling.

 

————————————————————————————-

Op 11 oktober 2015 spilet Grytsje om 13.50 oere yn NivoNoordzaal 2 fan de Harmonie en fierder stiet se mei ynformaasje oer har nije programma’s, har cd’s en bondels op de presintaasjemerk dy’t de hiele middei duorret.

Sjoch foar mear ynformaasje by Friezenopdeplanken.

De nije programma-opset fan Grytsje is op dizze middei bekendmakke.

 

 

 

ARGYF (2014 en earder):

 

Fraachpetear mei Arjan Hut yn it Friesch Dagblad fan 5 septimber 2014.

 

 

Op 18 july 2014 is Grytsje yn it radioprogramma Kruispunt te hearren, tusken 18.00 oere en 19.00 oere op Radio 5.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

 

 

 

 

Op 15 jannewaris 2013 hat Grytsje in petear hân mei Syb van der Ploeg. Op moandei 21 jannewaris hat dêr in ferslach fan yn ‘e Ljouwerter krante stien.

2176197-0

Petear mei Syb van der Ploeg

Petear mei Syb van der Ploeg

 

Op Twadde Krystdei wie der in fraachpetear mei Grytsje te belústerjen by Radio Gasterlân.

Op 16 novimber 2012 hat yn Tresoar in feestlike presintaasje plakfûn fan de bondel ‘Neilêzing’ fan Atze Bosch. Dizze bondel is gearstald troch Bernard Smilde, Janke Feenstra en Grytsje Kingma. De bondel befettet 66 gedichten en lietteksten (guon oersettings) dy’t Atze Bosch, dy’t desimber 2011 ferstoarn is, neilitten hat.
….

Op 29 septimber 2012 song Grytsje by de betinking fan de Slach by Warns op It Reaklif in spesjaal foar de gelegenheid skreaune tekst: Oer trijeëntritich jier.

Oer trijeëntritich jier

Oer trijeëntritich jier, dan sil it heve:
De slach by Warns, sânhûndert jier ferlyn.
Ik lit myn tinzen yn dy rjochting sweve
en bin benijd hoe’t ik it hjir dan fyn.
Hoe leit it Fryske lân der hjir dan hinne?
Hoe stiet it mei de doarpen, de natuer?
Kinn’ wy dan mei de taal noch wat begjinne?
En is der noch wat oer fan ús kultuer?

Wurdt Frysk noch praat, is dat noch yn ’e moade,
of is it inkeld Hollânsk dat men heart?
Of is dat ek troch ’t Ingelsk al ferwâde
en is it foar ús taal foargoed te let?
Al dy bodders dy’t no foar it Frysk krewearje,
se sille tsjin dy tiid wol neat mear dwaan.
En soene jonge minsken noch probearje
it Frysk nije ympulzen mei te jaan?

….

Oer trijeëntritich jier, kinn’ wy dan fiere:
De slach by Warns, ienriedich en unyk?
Of is it hottefyljen, fjochtsjen, tsieren,
bliuwt elk oertsjûge fan ’t eigen gelyk?
Kinn’ minsken dan noch stean foar idealen
en stride se net tsjin, mar mei elkoar?
Fertelle se har neiteam de ferhalen,
de Fryske skiednis, komt dy noch oan bar?

Oer trijeëntritich jier, och lit mar sitte,
’k kom wer mei beide fuotten op ’e grûn:
Wy kinne ’t fan tefoaren dochs net witte,
de dagen en de tiid wurde ús jûn.
’t Betinken fan dit feit út it ferline,
dat wiist foargoed ek nei de takomst ta.
Sa seit it ús: ’t Frysk mei eins net ferdwine,
it is in rykdom dy’t wy by ús ha.

(meldij: Testament – fan Boudewijn de Groot, tekst: Grytsje Kingma)

In besprek fan Beart Oosterhaven oer de nije cd Wytfear en de bondel Tûzen dagen is te lêzen op Ensafh.

Foto’s fan de cd-presintaasje yn Ljouwert (Tresoar) binne hjir te sjen.

In ferslach fan de cd-presintaasje yn Tresoar is hjir te lêzen.

Foto’s fan de cd-presintaasje op It Hearrenfean (Goede Hoedertsjerke) binne hjir te sjen.

.

Yntusken binne cd en bondel presintearre en fine se harren paad wol nei lêzers en harkers. Der steane wer ferskate optredens op de spyllist, mar fansels kinne der ek nije optredens/konserten boekt wurde. Nim rêstich ris kontakt op as jo mooglikheden sjogge foar in smûk Frysktalich troubadoerskonsert!

.

Twa presintaasjekonserten: 23 en 26 novimber – parseberjocht:

Op 23 novimber sil de twadde Frysktalige cd fan sjongeres en lietsjesskriuwster Grytsje Kingma út Sint Jânsgea presintearre wurde yn Tresoar yn Ljouwert (om 20.00 oere). Op 26 novimber sil der in twadde presintaasjekonsert plak fine yn de Goede Hoedertsjerke op It Hearrenfean (om 15.00 oere). De namme fan de nije cd is “Wytfear”. Ek sil by beide konserten de tekstbondel “Tûzen dagen”  presintearre wurde. “Tûzen dagen” is in bondel mei rom fyftich lietteksten en gedichten, dy’t Grytsje yn de ôfrûne tûzen dagen skreaun hat. Dizze perioade begûn ein 2008, doe’t Grytsje dielnimmer wie oan de kursus Liettekstskriuwe by Tresoar. Dêrnei hat har lietsjesskriuwerij in grutte flecht nommen. Dit waard kombinearre mei hieltyd mear optredens by ferienings lykas Tsjoch (de feriening foar Fryske folksmuzikanten) en Fryske Kriten, soarchsintra en doarpshuzen. Se treedt faak solo op, mar ek wol mei Rob du Jardin út Amsterdam. By it meitsjen fan har lietteksten wurket se gear mei dichter/oersetter Atze Bosch fan It Hearrenfean.

Grytsje Kingma brocht yn 2010 har earste solo-album Wjerlûd út, in album mei fyftjin harklietsjes, foar it grutste part fan eigen hân. Underwilens gie it skriuwen en komponearen fan lietsjes hieltyd troch en boppedat waard de earste cd tige goed ûntfongen. Dêrom is keazen foar in folgjende cd-produksje, dy’t ek diskear wer troch lûdstechnikus Dirk Overwijk yn Sint Jânsgea opnommen is. Ek op de twadde cd hat Grytsje, njonken har eigen sang en gitaarspyljen, muzikale stipe fan fioelist Rob du Jardin en multy-instrumintalist Wil van Eekeren. De beide presintaasjekonserten binne iepen foar alle belangstellenden. Opjefte fan tefoaren is net needsaaklik, mar foar de organisaasje wol noflik. Foar it konsert yn Tresoar kinne jo jo oanmelde fia h.top@tresoar.nl , foar it konsert op It Hearrenfean kin it fia grytsje.kingma@filternet.nl.

—————————————

Der is hurd wurke oan de twadde cd fan Grytsje. It leit yn de bedoeling dat er yn novimber 2011 ferskine sil.
De kar fan de lieten is makke en de folchoarder is keazen. Der is “breinstoarme” oer muzikale ynfolling. En der wurdt spile fansels! It kreative proses is folop oan ‘e gong.

Rob en Grytsje hawwe meidien oan de Finale fan Liet, op 4 juny 2011 yn Ljouwert.   Op 16 july wie der in opname fan Omrop Fryslân op ‘e tillevyzje (harren liet “De krisis foarby komt nei 18 minuten en 37 sekonden oan bar).

Hjir is ek in amateuropname te sjen fan harren optreden:

.

Op 14 jannewaris 2011 waard yn Ljouwert by Tresoar de earste priis útrikt foar it moaiste oersetten wurd út it Nederlânsk wei. It winnende wurd wie “Hipperhapke”, betocht troch Atze Bosch fan It Hearrenfean. Sjoch ek Itnijs.
No moat it wurd noch brûkt wurde fansels! It ynspirearre Grytsje ta it meitsjen fan dizze tekst, Adri de Boer hat er muzyk ûnder skreaun. It is foar ‘t earst útfierd  op it dûbelkonsert fan har beiden op 27 febrewaris yn Terbant.

Hipperhapke

Op it mêd fan iterij
woll’ se graach wat nijs betinke.
Elk jier komt der wol wat by
om te iten of te drinken.
Mar dit is dochs wol wat gek:
hâlde s’ ús no foar it lapke?
Mei wat nijs: insectensnack,
yn it Frysk in hipperhapke.

Op in roaster, lekker hyt,
yn ’e oven kinst se bakke.
Sa kinst moai dy hippers kwyt,
’t is as binn’ se der foar makke.
Aaiwytryk, alhiel net fet,
better as in appelflapke,
pûdsje chips of in kroket,
nim dan mar in hipperhapke!

Ek al binn’ wy wend oan fleis,
dat wy op ’e bôle dogge -
´t liket wol ast it net meist,
as wy wrimelpoatsjes sjogge…
Wjukjes, eachjes hoeg’ wy net,
mar it is in hiel lyts stapke:
mei panearmoal sjochst se net,
dan yt elk wol hipperhapkes!

Mar eins griist it my wat oan,
’k wol der leaver net yn bite.
Nee, it is noch net gewoan
om dy bistkes op te iten.
Hâldst se my ûnder de noas,
no dan tink ik: is ’t in grapke?
Want ik kies it leafst wat oars,
ik hoech wier gjin hipperhapke!

Kearsang:

Hipperhapkes, lang net gek, ´t Is wat nijs, ynsektesnack!
Nim se mar, net sa benaud, toe it is wier wol fertroud!

Op ‘t lêst:

Hipperhapkes, ik sis “nee”, want ik griis al by ‘t idee.
Hipperhapkes, gjin ferlet, ‘k hoech dy hippe hapkes net!

Grytsje hat yn ‘e hjerst fan 2010 meiwurke oan twa nije cd-projekten. It iene is de Fryske kryst-cd, útbrocht troch Span-records (Bianca Wijnsma) yn Sint Anne. Dit is in cd mei 15 Fryske artysten/groepen mei nije en eigen krystnûmers.  Grytsje hat foar dizze cd it nûmer “Krystfeest sûnder dy” skreaun, Rob spilet hjirby piano, fioele en klarinet. De cd is te krijen by de Fryske winkel.

It oare projekt is “Oer it wetter”, dit is in cd en in bondel mei Fryske gedichten en lieten mei it tema Wetter. Minsken dy’t belutsen binne by de poëzij- en liettekstekursussen fan Tresoar hawwe hjir oan meiwurke; it is in inisjatyf fan Tryntsje v/d Veer. Grytsje hat mei twa lieten in bijdrage levere oan dit projekt, “It lân by de see” en “Wetterdripke op reis”.  Bondel en cd binne te bestellen fia Elikser.

Jo reaksje