Kranten

De resinsje fan Wytfear, sa’t dy op 8 febrewaris 2012 yn it Frysk Deiblêd stie:

Kreaze, sniewite folk op twadde cd Grytsje Kingma

 Recensie – Arjan Hut

 In cd dy’t al in skoftke op besprek leit te wachtsjen is Wytfear fan de Fryske sjongeres en tekstdichteres Grytsje Kingma. It is in album mei in fjirtjintal tige tagonklike ferskes, dêr’t ik op ien as oare wize dochs net wier ynkomme koe. Miskien lei it him oan it waar, want no’t bûten in strûpstjerrende kjeld oer it lân leit, komt dizze kreaze, sniewite folk ynienen folle better ta syn rjocht.

Kingma is al fan har fjirtjinde ôf kreatyf dwaande, mar pas sa’n tritich jier letter hat se har hielendal op de muzyk en de skriuwerij stoart. Yn 2010 ferskynde har earste cd Wjerlûd en de teksten dy’t se skreau, binne bondele yn it boek Tûzen dagen.

Wytfear is in muzikaal koherint album, de ferskes omearmje dêrtsjinoer in brede waaier oan ûnderwerpen. In mankelike tekst oer it Doarp fan doe, in liet oer it iten fan ynsekten (Hipperhapkes), in oade oan Erwin Kroll (Myn Waarman) of in úttreksel fan Anne Wadman syn roman De Smearlappen (Eelkje), se fine allegear in noflik plakje op dizze cd.

Dat tekst en muzyk like belangryk binne, dêr mei Tûzen dagen fan tsjûgje, mar ek it boekje by Wytfear. Alle lieten steane deryn, mei dêrby in koarte útlis en gearfetting yn it Nederlânsk. Foar de Frysktalige harker is dy útlis oerstallich, want de toan is altyd like helder en kompakt as dy fan berneferskes.

Eelkje is skreaun nei oanlieding fan in temajûn yn de biblioteek fan It Hearrenfeean. Ik fyn it in hichtepunt op in album dat fierder ek mei By de See, Lokkich en Nij begjin wit te betsjoenen. Soe it net wat wêze om ris wat mear boeken sa te ‘besjongen’? Soks liket my yn alle gefallen nijsgjirriger as in cover fan Leonard Cohen syn swier útkôge Hallelujah, dêr’t Kingma mei ôfslút.

 ‘Wytfear’ fan Grytsje Kingma, te bestellen fia www.grytsjekingma.nl.

Resinsje fan  Jacob Haagsma oer Wytfear yn de Ljouwerter Krante fan 9 desimber 2011

Fraachpetear mei Sietse de Vries yn Freedbijlage 13 augustus 2010 earste part en: Twadde part freedbijlage

Fraachpetear mei Durk Visser fan de Jouster Courant: 27 jannewaris 2010.

Ferslach minipresintaasje cd Wjerlûd op 12 juny 2010 yn de bibleteek fan de Jouwer.

Oankundiging tsjinst  yn de Jouster Courant op 20 juny 2010 op ‘e Jouwer.

Oankundiging cd-presintaasje maaie 2010 yn de Koerier.

Oankundiging konsert Rob & Grytsje yn Terkaple 24 jannewaris 2010.

In fraachpetear mei Grytsje Kingma yn Mei ik jo wat Freegje  (de Koerier juni 2010)

Oankundiging Tiliafestival novimber 2010 yn de Heerenveense Courant.

Resinsje Tiliafestival 11 novimber 2010 yn de Heerenveense Courant.

“Kjirrewjirre”, 3 novimber 2010, taalrubryk fan Fedde Dykstra yn de Ljouwerter Krante.

Utrikking prizen fan skriuwwedstriid 25 novimber 2010 yn de bibleteek.

De oankundigin fan ien fan de earste konserten, yn de LC, konsert yn Poppenwier, 12 july 2009.

Jo reaksje