Media

Ferslach fan it konsert fan Grytsje op 12 novimber 2017 yn Damwâld: Grytsje Kingma, sjongeres, trûbadoer en tekstskriuwster, brocht op dizze sneintemiddei in tal lústerlieten út har repertoire. Sûnt 2008 is sy aktyf as tekstskriuwster. Har lieten hawwe faak in sfear fan nostalgy en gefoel. Ek dizze middei stie yn it teken hjirfan. Alles waard noflik oan elkoar praat en mei tapaslike foto’s op de beamer wie it in sfearfol gehiel. De lietteksten wiene ek mei te lêzen, mar dit hie miskien net hoegd, want de sjongstim fan Grytsje is dúdlik genôch. Hjir en dêr waard gebrûk makke fan in lûdsbân, sadat der wat fariaasje yn de begelieding oanbrocht waard. Oare kearen hat Grytsje meastentiids muzikale gearwurking mei pianist Lars Mulder en/of fioelist Rob du Jardin, mar yn dit soloprogramma liet se sjen, dat se it sjongen, it spyljen en it oankundigjen ek allinne skoan oan kin. De aparte fûgel yn de tún waard besongen, in wetterdripke op reis, mar ek giene wy werom yn de tiid nei ‘Doarp fan doe’. Dêrnei naam Grytsje ús mei nei Poppenwier, nei it Menniste skûltsjerkje dêr. It lietsje oer har pake wie in gefoelige oertinking oan eardere tiden. Mar ek waard der lake, by ‘Buorman Kees’ bygelyks, en by de ‘Oade oan ’e geranium’.  Yn it skoft wie it smûk en gesellich yn de kofjeromte njonken de tsjerkeseal. Mar ek de moaie en sobere tsjerke koe besjoen wurde en wie tige de muoite wurdich. Nei it skoft wie it tiid foar in trijetal lietsjes rûnom it tema ‘leafde’. Letter waard mei de hiele seal it ferskinen fan de stjerren trijestimmich yn kanon besongen. Wat nijere lieten kamen ek oan bar, lykas it liet ‘Stilte’ dêr’t elkenien ek eefkes stil fan wie. Mar ek yndruk makke it lietsje ‘Wêrst ek bist’, oarspronklik makke foar fotograaf Nanne Nicolai en foar it earst him tasongen by de kuier-alvestêdetocht earder dit jier. Bysûnder wie it dat hy dizze middei ek oanwêzich wie en (hoe koe it ek oars) foar foto’s soarge. De middei soe besletten wurde mei ‘Ofskie fan ’e dei’ (mei tekst fan Atze Bosch), mar de goed tritich besikers hiene noch lang har nocht net, dus der waard noch in tajefte frege. Dat waard ‘Halleluja’, wat wer troch elkenien meisongen waard. De âldere lietteksten binne allegearre wol opnommen yn de bondel ‘Tûzen dagen’, mar de nijere noch net. Hjir wie in aardige oplossing foar betocht. By it nei hûs ta gean koe elk in tekst op papier mei nei hûs ta nimme. De tafel wie yn in omsjoch leech.

 

Ferslach: Pyt  S.    Foto’s: Nanne Nicolai

p3170794

p3170802   p3170803     Op 23 febrewaris 2017 wie Grytsje te hearren en te sjen op NPO2 yn it programma ‘Geloof en een hoop liefde’.  170120-ghl2 Oktober 2016: Oankundiging fan it konsert fan Rob du Jardin en Grytsje Kingma op 29 oktober yn de Skierstins te Feanwâlden yn de Kollumer Courant. In filmferslach fan dit konsert is HJIR te finen.   Maart 2016: In fraachpetear mei Jurjen K. van der Hoek oer ‘De creatieve mens’ yn de Heerenveense Courant. ………………………………………………………………………………………………..   ‘Nijs’ fan 2014 of earder: Oktober 2014: In resinsje oer it konsert ‘Hjerstblêden’ fan Lars Mulder en Grytsje Kingma yn oktober 2014 yn de Heerenveense Courant. ……………………………………………………………………………………….. Ynformaasje op Wikipedia. ——————————————————————————————   In besprek fan de cd Wjerlûd stiet te lêzen yn De Moanne fan maaie 2011, it is ek hjir te lêzen, mar klik der dan wol (twa kear) op om de tekst te fergrutsjen: In ferslach fan it dûbelkonsert fan 27 febrewaris 2011 stiet te lêzen bij Itnijs. By “Youtube” is in tal filmkes fan lieten te besjen. Ferskillende krantestikjes en fraachpetearen binne by “Kranten” te lêzen. By de Fryske Wikipedy stiet ek it ien en oar te lêzen, lykas by de Ingelske Wikipedia. By de nijssite fan Skarsterlân stiet wat oer Grytsje te lêzen by “De mens achter”

Jo reaksje