cd Wjerlûd

(voor de Nederlandse tekst even doorscrollen naar beneden)

Yn de rin fan 2009 is der útein set mei it opnimmen fan in tal lieten yn de studio fan Dirk Overwijk. Grytsje hie yntusken al in tal lietteksten skreaun en meldijen derby betocht. Der waard in demo-cd by Omrop Fryslân brocht, dy waard al gauris draaid en dat joech moed foar mear opnames.  Sa groeide de cd “Wjerlûd”, in skiif mei in 15-tal lieten, dy’t Grytsje foar it grutste part sels komponeard en skreaun hat.  Der is keazen foar in basale opset mei gitaar en sang, hjir en dêr oanfolle mei it fioelespyljen fan Rob du Jardin en mei blokfluit- en toetsenymprovisaasjes fan multi-instrumentalist Wil van Eekeren.

Op 15 maaie 2010 is Grytsjes earste cd útkommen, Wjerlûd. De cd is fia dizze side te bestellen, mar ek fia de Fryske Winkel.  Ek is er te krijen by de Afûk yn Ljouwert en by Boekhuis de Brug op It Hearrenfean.  Der steane 15 nûmers op mei foar fierwei it grutste part eigen teksten en eigen muzyk. Fan alle 15 nûmers binne de earste 30 sekonden te beharkjen by “Lûdsfragminten”.

Muzikale stipe is der op dizze skiif fan Rob du Jardin (fioele en altfioele) en Wil van Eekeren (toetsen, blokfluiten en fokale perkusje), mar de wichtichste eleminten yn alle lietsjes binne de sang en de gitaarbegelieding.  Nei inkelde wiken stie de cd al yn de top 20 fan de Fryske Album Top 100.

In resinsje fan de cd is te lêzen yn it maaienûmer fan De Moanne

.
In de loop van 2009 is er begonnen met het opnemen van een aantal liedjes in de studio van Dirk Overwijk. Grytsje had intussen al een aantal liedteksten geschreven en er melodieën bij gemaakt. Er werd een demo-cd bij Omrop Fryslân gebracht, die werd zo nu en dan gedraaid en dat was een stimulans om meer opnames te maken. Zo groeide de cd “Wjerlûd” (= weerklank), een schijf met 15 liedjes, die Grytsje voor het merendeel zelf gecomponeerd en geschreven heeft. In mei 2010 is hij uitgebracht. Er is gekozen voor een basale opzet met gitaar en zang, hier en daar aangevuld met het vioolspel van Rob du Jardin en met blokfluit- en toetsenimprovisaties van multi-instrumentalist Wil van Eekeren.

De cd is te bestellen via deze website, maar hij is ook verkrijgbaar bij de Fryske winkel, bij de Afûk in Leeuwarden en bij Boekhuis de Brug in Heerenveen. By “Lûdsfragminten” is van ieder nummer de eerste 30 seconden te beluisteren.

Jo reaksje