cd ‘Sjong in nij liet’

Nei de beide cd’s Wjerlûd en Wytfear wie it daalks dúdlik dat der in tredde cd komme soe. Mei in hiel oare ynhâld! Diskear soene it lieten wurde út tsjerklik fermidden. Allegearre lieten dy’t troch Atze Bosch oerset binne en dy’t troch Grytsje songen wurde soene. Atze Bosch wie in goede freon fan Grytsje, en dit inisjatyf hiene se tegearre betocht yn 2011, in pear moanne foar it ferstjerren fan Atze yn desimber fan dat jier.

It waard in projekt fan jierren, die bliken. It naam folle mear tiid as fan tefoaren tocht wie. Tagelyk wie it ek goed om dy tiid te nimmen: guon lieten moasten rypje en eigen wurde, sawol wat de tekst oanbelanget as de meldij. En geandewei it proses tsjinne him noch wolris in oar liet oan, wat ek geskikt wie. Ek foel der wolris in liet by wei, as it dochs net yn it gehiel paste of de útfiering wie net hielendal nei it sin. Sa groeide geandewei de seleksje fan lieten. En soks kin men net allinne! Der wie help fan in tal muzikale en talintearre meiwurkers.

Technikus Dirk Overwijk hat elke kear wer trochset as it projekt bytiden wer in skoft stillein hie. Hy kaam mei goeie ideeën en in positive ynbring. De muzikale meiwurking wie fan it begjin ôf oan wer fan Wil van Eekeren, dy’t in tal treflike arranzjeminten skreaun hat. It projekt wie al in goed ein op wei, doe’t gitarist Jan Bartlema der by kaam. Troch syn ynbring is der in hiel eigen lûd ûntstien. Fierder is der by guon lieten meiwurking fan fioelist Rob Faltin, de pianisten Lammert van der Leij en Lars Mulder. Yn oktober 2018 binne de lêste opnames yn de studio fan Dirk makke.

De cd is presintearre op sneontemiddei 1 desimber yn de Goede Hoedertsjerke fan It Hearrenfean (Oude Veenscheiding 15). Sjoch foar in fotoferslach by Heerenveense Courant.

De cd is te bestellen troch in berjocht te stjoeren op it kontaktformulier op dizze website. Hy kostet ynklusyf ferstjoerkosten   €16,–. As jo fia it kontaktformulier jo namme en postadres ynfolje, stjoer ik jo it banknûmer. As it jild op de rekken stiet, stjoer ik jo daalks de cd ta.

fullsizeoutput_45d4

2 Comments Jo reaksje hjir ↓

De meast resinte reaksje stiet boppe oan

  1. herman gerritsen #
    1

    Grytsje,

    Mijn naam is herman Gerritsen.
    Ik ken jou vanuit mijn tijd als vrijwilliger bij het Museum Joure (Kultuurraad) en ook vanuit de tijd dat jij bij Brûzenije speelde.
    Nu zing ik met Auke Rijpkema uit Terherne in de verzorgingshuizen in Joure en Akkrum. We hebben een uitgebreid liedboek met Friese en Hollandse ‘oude’ liedjes.
    Nu ben ik op zoek naar de tekst van “as om é toer de sweltsjes dan wer fleane”. Heb jij die toevallig voorradig?

    Bij voorbaat dank voor een reactie.
    Met groet,
    Herman G.

    geen

    • Grytsje07 #
      2

      Mail is gestuurd, Herman!



Jo reaksje