Bondel “Tûzen dagen”

Der is tagelyk mei de presintaasje fan de cd Wytfear ek in tekstbondel ferskynd: Tûzen dagen.

Hjiryn steane 52 teksten dy’t Grytsje yn it tiidrek tusken novimber 2008 en augustus 2011 (in tiidrek fan tûzen dagen) makke hat. It binne har lietteksten, mar ek gedichten dy’t se rûnom foar skreaun hat. Bgl. foar FeRsefariaasje, de foardrachtkriich foar bern út it fuortset ûnderwiis, mar ek foar de Lyrische Courant of as der earne in ûnderwerp foar opjûn waard. Of ek wol gewoan nei oanlieding fan in foarfal út it deistich libben: sykte fan in freon, in útspraak fan in freondinne dy’t har oan it neitinken sette, de bern, mem dy’t eins nei in âldereinhûs ta moat mar dat perfoarst net wol, pipernuten yn septimber, útwaaie by de see en wat dat mei dy docht, ensfh. Grytsje set de ûnderwerpen del mei werkenning en gefoel en kiest yn dizze bondel altyd foar fêste fersfoarmen.

Nei de earste printinge die al gau bliken dat der wol in twadde komme koe. Dy is yn in lytsere oplage ferskynd. Der kamen sa noch wat printingen by, yn 2012, 2014 en 2016. Yntusken is ek de fjirde printinge glêd útferkocht. De fyfde printinge wurdt no oan wurke en sil begjin febrewaris 2018 ferskine.

De bondel is te bestellen fia it kontaktformulier en kostet € 14,75 ynklusyf ferstjoerkosten. Jou jo gegevens troch en meitsje it bedrach oer op:

NL85 INGB 003 147 595 op namme fan G. Kingma, Sintjohannesga. As it bedrach binnenkommen is, wurdt de bestelling sa gau mooglik nei jo tastjoerd.

 

 

Jo reaksje